Portretten (2)
Groetnis út it Heidenskip

Hindrik Gerlofs Gerritsen en Albertsje Baukes Haitsma mei harren bern
Gerlof (05/04/1895), Sietske (13/04/1896), Janke Tromp (26/07/1897) en Wytske (20/11/1898)
july-augustus 1899

Hindrik Gerlofs Gerritsen hat tidens syn libben in oantal gedichten makke. Syn soan Bouke hat se opskreaun en sadwaande foar it neigeslacht bewarre.

Hindrik wie boer op de pleats oan de Ursuladyk 20 (no fam. Bensdorp). Dat in boer alearen net al te skjin wie wurdt beskreaun yn “Sulverskjin”.:

Sulverskjin
Baeije dat wie Boer frjemd
frjemd ek `t waskjen fan `t liif
safier `t him heuge koe
nea wend oan sok gerief.
It himd oer `e holle ien kear
sa yn de fjirtsjin dagen,
dan in forskjinning, dy
twa wike wer to dragen,
dat neam ik jo genôch.
`t Kin grif net oars as kwea.
In krom smyksel op it fel
biskermet  jin ommers tige
tsjin kjeltskypjen en soksoarte
krûpsjes dy't aloan drige.
Waskje mar nea jou hûd
Siz mar: tusken fuotten en kin.
Op `e tiid in skjin himd,
dan bliuwt it liif sulverskjin
Boerewijsheit
`t Oardiel fan Boer waerd mei
de jierren moai besonken:
Sa wie ek neffens him
it fleis better as de bonken.

`t Forstierren is forfêst
it ein fan it bistean, en nei
de dea is der grif neat.
As der al hwat is falt it mei.

`t is altyd al sa west
`t sil altyd wol sa bliuwe:
Men wurdt nea mear forrifele as troch
motrein en fine liuwe.

Yn syn idéên hwat âlderwets,
wie Boer syn oardiel som hwat hurd:
fan `t soacialisme sei er faek:
`t is net bêst as't  gemien baes wurdt.

Fretters kenne `nt mear fatsoen
as bargen oan `e troch.
Sûpers krije in kear genôch,
Fretters krije nea genôch.

`k seach tusken man en frou
fan lijen faek in heap:
de leafde is tige moai,
mar der is hwat yn te keap
Alde sizwize:
As er nearne goed ta is, meits er dan in Dominé of in Bakker fan, sei Simen Sacharias.

Pine yn `t liif
Ha jo pine yn `t liif, fynt de wyn gjin wei,
nei ûnderen of boppen yn gjin oardel dei;
kinne jo nea better dwaen as: gean
mar in moai skoftke op `e breipanne stean,
lyk as in dûkeljende einfûgel of swan,
it boppe-ein ûnder, as in top op `e non.
Of klauterje ris ûnderst-boppest de treppen op:
Knikkert efteroan, gat en skammels foarop,
Mei it ûnderwerk sa boppe
Forsjit meast wol de stoppe,
it trochgeand forkear wurdt sa wer frij,
....en de biknypte wyn derbij.
De klapbes kin wer sjitte,
en dan mear fleane litte;
(bileaven ák mei mjitte!)


sjoch ek:



Fotokolleksje Frederik Robijns, Warkum, dy't ek in kopy fan de gedichten fan syn pake Hindrik hat