Kertiersteat fan Anne Sjirks Cnossen (1869-1942) en Anna Annes de Jong (1867-1945)
kertiersteaten binne makke troch
I
(2-3)

2. CNOSSEN, Anne Sjirks * 28.06.1869 Folsgeare - + 05.12.1942 Snits
    keapman te Folsgeare (1895); winkelman te Folsgeare
    x 25.05.1895 Wymbritseradiel
3. de JONG, Anna Annes * 13.05.1867 Ysbrechtum - + 11.02.1945 it Heidenskip
    naaister te Ysbrechtum (1895); bern: Sjirk * 07.05.1899 en Gerbrig * 16.04.1902


II
(4-7)

4. CNOSSEN, Sjirk Annes * 09.03.1821 Jutryp - + 03.02.1901 Folsgeare
    boerefeint, 35 jier (10.05.1856); winkelman te Folsgeare (36 jier lang)
    x 10.05.1856 Jutryp
5. GRIJPSMA, Eelkjen Johannes * 1830 Easthim - + 26.11.1880 Frjentsjer
                                (Psychiatryske Ynrjochting)
    naaister te Easthim, 26 jier (10.05.1856)

Gelbrig Gerbens Twijnstra
6. de JONG, Anne Foppes * 18.09.1824 Warns -  
    kleanmakker te Ysbrechtum, 24 jier (12.05.1849)
    x 12.05.1849 Wymbritseradiel
7. TWIJNSTRA, Gelbrig Gerbens * 14.02.1830 Ysbrechtum - + 11.02.1907 Wymbritseradiel
    naaister te Ysbrechtum, 19 jier (12.05.1849); naaister te Ysbrechtum, "Gerbrig (ook wel
    genaamd Gelbrig) Twijnstra" (1895)


III
(8-15)

8. CNOSSEN, Anne Sjirks * 09.05.1784 Jutryp - + 30.01.1852 Jutryp
    boeresoan te Jutryp, 37 jr (17.06.1820)
    x 17.06.1820 Wymbritseradiel
9. Jeltje Jans * 12.10.1796 de Hommerts - + 14.11.1831
    tsjinstfaam yn de Hommerts, 23 jr (17.06.1820)

10. GRIJPSMA/GRIJPSTRA, Johan(nes) Hettes * ±1797 Eagmaryp - + 21.07.1864 Wymbr.
    14 jier en wennet by syn âlden yn de Hommerts (1811); boerefeint, wennet yn Langwar,
    18 jr (21.07.1816); arbeider yn de Hommerts (10.05.1856); 66 jier (21.07.1864)
    x 21.07.1816 Doniawerstal (marrie Langwar)
11. BOOTSMA, Trijntje Lieuwes * ±1799 Toppenhuzen - + 29.04.1872 Wymbritseradiel
    12 jr en wennet by har âlden yn Langwar (1811); wennet yn Langwar, sûnder berop, 16 jr
    (21.07.1816); wennet yn de Hommerts (10.05.1856); 72 jier (29.04.1872)

12. de JONG, Foppe Arends * ±1792 Warns - + 11.12.1824 Himmelumer Aldeferd.
    20 jier en wennet yn Ysbrechtum (1811); timmermansfeint te Ysbrechtum, 24 jr
     (17.05.1816); 33 jier (08.12.1824)
    x 17.05.1816 Wymbritseradiel (Nijlân)
13. BERGSMA/BERGSTRA, Johanneske Uiltjes/Uilties
    * ±1790/1 Turns - + 13.04.1866 Wymbritseradiel
    sûnder berop te Turns (17.05.1816); naaifrou te Ysbrechtum (12.05.1849);
    75 jier (13.04.1866)

14. TWIJNSTRA, Gerben Sjerps * 16.08.1802 Baard  - + 29.11.1880 Wymbr.
    wennet by syn âlden te Baard, 11 jr (1811); boerefeint te Turns, 23 jr (18.07.1826);
    arbeider te Ysbrechtum (12.05.1849); 78 jier (16.08.1802)
    x 18.07.1826 Wymbritserdiel
15. SCHOU(W)STRA, Scholtje(n)/Schou(w)tje Jacobs * 1790 Friens - + 17.10.1860 Wymbr
    "dienstmaagd" te Ysbrechtum, 35 jr (18.07.1826); wennet yn Ysbrechtum (12.05.1849);
    70 jier (17.10.1860)
                        
                                
IV
(16-31)

16. CNOSSEN, Sjirk/Sierck Annes ~ 26.01.1755 Jutryp - + 26.09.1826 Jutryp
    boer op de stimdragende sates 11 en 15 fan Jutryp (1788); nimt de namme "Cnossen"
    oan 1811/2); is boer Jutryp (17.06.1820).
    x 08.02.1784 de Hommerts
17. C/KROLES, Akke Pieters ~ 13.09.1761 Drylts - + 10.09.1827 Jutryp
    wennet op 08.02.1784 yn de Hommerts; wennet te Jutryp (17.06.1820); as widdo
    boerinne, hat yn 1827: 16 kij, 5 rierren, 4 hokkelingen, 1½ bolle, 6 keallen, 2 skiep, in
    âlde baarch en 2 biggen,     in aktyf fan f 3801,60 en in passyf fan f 1925,77.

18. Jan Binzes + ±1808 provinsje Hollân
    skipper te de Hommerts, lei tidens syn ferstjerren mei it skip yn Hollân
    x
19. Mein(der)tje Sikkes + ±1800 provinsje Hollân
    skippersfrou te de Hommerts, lei tidens har ferstjerren mei it skip yn Hollân

20. GRIJPSMA, Hette Rienks * 1758 - +  01.01.1853 Wymbritseradiel
    nimt yn 1811 de namme "Grijpsma" oan, wennet yn de Hommerts en hat 7 bern: Rienk
    31 jr (Sleat); Eelke 28 jr (Sleat); Hidde 25 jr (de Hommerts); Akke 22 jr (Jutryp); Douwe
    19 jr (Langwar); Johannes 14 jr (de Hommerts) en Pietertje (de Hommerts) (1811);
    arbeider en wennet yn de Hommerts (21.07.1816); 94 jier (01.01.1853)
    x
21. Antje Eelkes * 1760/1 - + 07.02.1855 Wymbritseradiel
    wennet yn de Hommerts (21.07.1816); 94 jier (07.02.1855)

22. BOOTSMA, Lieuwe Eeltjes * 1762/3 - + 06.02.1847 Wymbritseradiel
    nimt yn 1811 de namme "Bootsma" oan, wennet yn Langwar en hat 4 bern: Tjitske 6jr;
    Minke 14 jr; Trijntje 12 jr en Eelkjen 6 jr; wennet yn Langwar (21.07.1816); "werkman"
    yn de Hommerts; 84 jier (06.02.1847)  
    x
23. Grietje Gerrits
    wennet yn Langwar (21.07.1816); wennet yn de Hommerts

24. de JONG, Arend/Aant Willems * 1757/8 - + 05.08.1826 Warns
    nimt yn 1811 de namme "de Jong" oan, wennet yn Warns en hat 2 bern: Foppe 20 jr
    (Ysbrechtum) en Tieds 24 jr (Warns); "varensgezel" te Warns (17.05.1816); arbeider,
    stjert te Warns hûs nr. 13,  68 jr, de jûns 23.00 oere (05.08.1826)
    x
25. Eelk Foppes * 1754/5 - + 14.10.1826 Himmelumer Aldeferd
    sûnder berop te Warns (05.08.1826); 71 jier (14.10.1826)

26. Uiltie Johannes + 10.10.1798 Turns
    boer te Turns (10.10.1798)
    x
27. Jelke Pyters + foar 17.05.1816

28. TWIJNSTRA Sjerp/Sjeerp/Seerp Gerbens
                    *18.10.1762 Jorwert - + 02.11.1843 Ysbrechtum
    nimt de namme "Twijnstra" oan, wennet te Baard en hat 8 bern: Antje 26 jr (Westhim);
    Sytske 21 jr (Húns); Willem 19 jr; Gepke 17 jr; Haaitske 15 jr; Grietje 13 jr; Gerben 11 jr
    (* 16.08.1802 Baard) en Tietje 9 jr (1811); "huisman" (= boer) te Baard (Boazum)
    (24.01.1816); boer te Baard (18.07.1826 en 12.04.1836); sûnder berop te Ysbrechtum
    nr 16a (1843)
    x 29.10.1786 Jorwert
29. GROU(W)STRA/SCHOU(W)STRA, Sjoukje(n)/Sjouwkje Willems * 14.07.1764 Jellum -
                            + 21.05.1846 Dronryp (no. 23)
    har broers Jentje (Hilaard) en Bauke (Weidum) nimme de namme "Groustra" oan
    (1811); wennet te Baard (12.01.1816, 18.07.1826 en 12.04.1836)

30. SCHOUSTRA, Jacob T(h)eunis * 1757/8 - 11.10.1829 Raarderhim
    wennet te Friens (±1790); boerearbeider te Sibrandabuorren (18.07.1826);
    71 jier (11.10.1829)
    x
31. Gelbrig/Gerbrig Thomas * 1760/1 - 23.10.1844 Raarderhim
    wennet te Friens (±1790); wennet te Sibrandabuorren (18.07.1826); 83 jier (23.10.1844)


V
(32-63)

32. Anne Tjamkes ~ 20.10.1715 Jutryp - + 1777
     sûnt 1748 brûker en eigener fan de stimhawwende sates 11 en 15 te Jutryp, earder
    eigendom fan syn âlders; "arm boer" (1749); diaken by de Ned.Herf. Gemeente Jutryp
    (1756); tsjerkfâld (1765); de bern nimme de namme "Cnossen" oan (1811/2), Anne
    Tjamkes hat de namme "Cnossen" ek brûkt.
    x 18.05.1738 Jutryp
33. CNOSSEN, Trijntje/Tryntje Siercks ~ 09.06.1715 de Hommerts - + 1800

34. CROLIS, Pyter/Pieter Jelles ~ 19.03.1719 Drylts - + 13.12.1779 Drylts
    "timmermansknecht, wint zijn kost" (1749); mr. hústimmerman (15.03.1771);
    26.09.1749 keazen yn de froedskip fan Drylts; 01.01.1756 boargemaster fan Drylts         oant  01.01.1761
    x 28.05.1747 Drylts
35. Neeltje Hettes + nei 01.05.1771 en foar 1779
    kaam fan Warkum

36. Binze + foar 17.06.1820

38. Sikke + foar 17.06.1820

44. Eeltje Lieuwes * 06.03.1740
    x 04.04.1762 Toppenhuzen
45. Minke Jans
    bern: Lieuwe (22); Pieter (* 25.09.1769)

48. de JONG, Willem Aants + foar 07.08.1826
    x
49. Tjiets + foar 07.08.1826

56. Gerben Pytters * 1732
    x 16.03.1755 Jorwert
57. Antje Sjerps + 17.05.1779 Jortwert

58. Willem Hayes * 12.03.1730 Bears
    x 21.12.1755 Jellum
59. Tryntje Everts



VI
(64-127)


64. Tjam(c)ke Harings + tusken 1722 en 1728
    húsman en eigener fan de stimhawwende sates 11 en 15 te Jutryp
    x
65. Richtje Sytzes/Sydses ~ 12.08.1683 de Hommerts - + nei 1743

66.CNOSSEN, Sierck Johans * 28.07.1689 de Hommerts - + febr. 1771 de Hommerts
    "huisman" (= ridlik goede boer): de Hommerts pleats nr 29 (1718);
    Jutryp pleats nr 14 (1728); de Hommerts pachter stimdragende pleats  nr 25 "Hettinga
    zathe"(1738); de Hommerts tidlik     stimdragende pleats nrs 2 en 4 (1748); de Hommerts
    eigener fan nr 28 (1748); "redelijke boer" (de Hommerts 1749); ûntfanger (1727); diaken
    Herf.Gem. de Hommerts (1719-1724); âlderling (1733-1744)
    x 24.01.1712 Jutryp
67. Jel Wybes ~ 15.08.1686 de Hommerts

68. KROELIS, Jelle Pytters/Pieters ~ 28.09.1684 Drylts - + 05.05.1724 Drylts
    keapman (1716); froedsman (1718); boargemaster (01.01.1721)
    x 22.05.1710 Drylts
69. IEDEMA/YDEMA, Maeijke/Maayke Jaans ~ 20.09.1689 Drylts - + 1750/1 Drylts
    "weduwe, redelijk welgesteld" (1749)

70. Hette Douwes + foar 1747
    húsman te Broek en Twellegea
    x 23.10.1712 Toppenhuzen/Twellegea
71. Akke Kla(a)ses (1747)
    wennet yn 1747 te Warkum

88. Lieuwe Pijters
    x 24.02.1726 Toppenhuzen
89. Tjetske Wybes
    bern: Eeltje (108)

112. Pijter Jans * 1690
    x 1718 Jorwert
113.  Dieuwke Jans * 1696

116. Haye Jans ~29.03.1696 Jellum
    komt yn in stik foar d.d. 29.03.1696. Hy wenne doe yn Jellum.
    x
117. Sioukjen Willems


VII
(128-255)

128. Haring Tjallings + 26.03.1691 de Hommerts/Jutryp
    húsman te de Hommerts
    x tusken 1660 en 1665
129. Tryn Yntes + 25.02.1712 de Hommerts/Jutryp
    as widdo komt se op pleats stim 22 te de Hommerts; bern: Tjam(c)ke (sjoch 64) en
    Uite (x 01.11.1705 de Hommerts mei Trijntje Johannes' (sjoch 133))

130. ABBEMA, Sydse/Zytse Annes + 1704 yn it bûtenlân
    doarpsrjochter, ûntfanger en skipper yn de Hommerts; diaken (1682); lient mei syn frou
    jild (1683); ferkeapet  in hûs, skuorre, in oanpart fan in wettermole en sate en lannen yn
    de Hommerts oan skoanâlden Hylcke en Grets (03.02.1691); yn 1689 is er oan harren
    700 karoligûne skuldich; in 2de houlik fan Sydse wurdt yn 1699 op it lêste stuit
    'gesupersedeert', as de Grinslânske breid Joostje Eewerts fan Flânsum, dy't har
    foardien hat as widdo mei bern, noch troud blykt te wêzen!
    x
131. Sieucke Jans ~ 16.03.1653 de Jouwer - + 10.11.1688 de Hommerts
    stjert by de berte fan har soan Bentse (~ 28.10.1688 Jutryp);

132. CNOSSEN, Johan Siercks + 30.08.1690 Jutryp
    docht mei syn earste frou Lolck Riencks (+ foar 1682) fan Smelbrêge belidenis op
    8 augustus 1680; diaken fan de Hommerts (09.06.1684)
    x 19.02.1688 de Hommerts
133. Trijntje/Tryntje Johannes' + 24.12.1714 Hommerts
    komt fan Snits en wurdt folwoeksen doopt yn de Hommerts (1688); 2de houlik mei Uite
    Harings soan fan Haring Tjallings en Tryn Yntes (sjoch 128 en 129) (01.11.1705 de
    Hommerts)

134. Wybe Ages
    skipper; 1ste houlik mei Saap Tietes; hy en syn frou liene jild (1684 en 1688)
    x 04.02.1683 de Hommerts
135. Jets Lolckes
    widdo fan Evert Scheltes

136. KROLES, Pytter Annes ~ 20.10.1650  Drylts- + 23.09.1712 Drylts
    "burger en buttercoper binnen IJlst" (16.10.1694); froedsman (01.09.1692- 23.09.1712);
    "collecteur van accijnzen" (1708-1710); folmacht op de lândei (1709)
    x 22.04.1678 Drylts
137. Ittie/Ydtie Jelles ~ 24.07.1660 Drylts - + nei 11.02.1712

138. IEDEMA, Jaen Iedes + foar 17.12.1727 Drylts
    komt fan Snits en wurdt op 31.12.1674 boarger fan Drylts; 1ste houlik mei Sara Jans
    (11.04.1675); húsman (boer); froedsman fan Drylts (07.12.1697); boargemaster fan
    Drylts (1689;1696;1707;1726)
    x 26.06.1685 Drylts
139. LOYENGA, Antje Hermanis/Hermanus
    as lidmaat te Drylts oan nommen as "Anna Luyinga, jongedochter" (27.01.1678)

140. Douwe Hettes + foar 1717
    komt fan Jirnsum; boer te Offenwier (1678/1682) en Twellegea (1698/700); eigener fan
    en boer op stim 1 te Twellegea (1698); ferkeapet mei oaren lân yn de Bolten ûnder
    Broek (1700)
    x 20.03.1672 Raarderhim
141. Hinke Barteles
    komt fan Toppenhuzen

142. Claes Joostes + 1734
    hiert de stimdragende pleats 1 te Broek fan de famylje Van Hettinga te Teroele, earder
    yn 1698 de stimmen 21 en 22 dêr; kurator oer trije weesbern fan Bintie, in suster fan
    Neeltje (1707)
    x
143. Neeltje Riencks + 1735

224. Jan Piters * 1664
    x 21.02.1686 Jorwert
225. Mincke Gerrits

232. Jan Hayes
    x 11.12.1681 Jellum
233. Gerlske Meinerts



VIII
(256-511)

256. ITSMA, Tjalling Siuckes + foar 1651
    doarpsrjochter, ûntfanger en tsjerkfâd te Jutryp, eigener fan in part fan de troch him
    bewenne pleats te Jutryp (stim 13), nei it ferstjerren fan syn mem Grets Upckes (sjoch
    1537) yn 1623 krige er behalve syn bernepart ek noch ris 100 goudgûne omdat "hij
    eenige jaeren met sijn wijlen moeder d' sate hadde opgeholden"; prosedearret as
    tsjerkfâd (1637 en 1639)
    x foar 1623
257. CNOSSENS, Mints Johans
    prosedearret  as widdo  tsjin it opsizzen fan de hier fan tsjerkfâdijlân (1651)

260. ABBEMA, Anne Wybes * Grou - + april 1684
    wurdt boarger fan Drylts (28.12.1646); oannommen mei syn frou as lidmaat te Drylts
    (02.05.1649); houtkeaperte Drylts, letter ûntfanger en âlderling neamd te de Hommerts
    x
261. Richt Murcks
    oannommen mei har man as lidmaat te Drylts (02.05.1649); bern Wybe (+ 1693), Murk
    (+ 1695), Sydse (+ nei 1704), Goyts en Sytske.

262. Jan Alberts + tusken 1653 en 1657 de Jouwer
    skipstimmerman op 'e Jouwer
    x 14.01.1647 Drylts
263. Graets Bintses + 25.05.1711 Jutryp
    2de houlik mei Hylcke Symens fan de Hommerts (1658); nei op de Lemmer wenne te
    hawwen, komt se wer yn Drylts (1664) en letter wer te Jutryp, dêr't Hylcke Symens
    (+ 29.06.1695 Jutryp) âlderling is.

264. CNOSSEN, Sierck Johans
    boer op stim 31 te de Hommerts, doarpsrjochter en ûntfanger te de Hommerts, eigener
    fan stikken lân te Knossens (by Boalsert) (1640); lient mei syn frou jild oan oaren (1657)
    kurator oer 3 bern fan syn broer Upcke te Boalsert (1657)
    x
265. Antje Hanses
    mei broers en susters eigeneresse fan in pleats te Smelbrêge (1640); lient mei har man
    jild oan oaren (1657)

268. Aegge Jans * 1623 de Hommerts - + foar 1682
    syn omkes Euwe en Symen Aegges wurde syn kuratoaren (1637); turfpontskipper yn
    de Hommerts; lient jild (1653); hat skulden û.o. fanwegen ferskate turfleverânsjes (1680)
    x
269. Jel Wybes + 11.12.1685 de Hommerts

270. Lolcke Engeles + foar 1675
    boer, doarpsrjochter en ûntfanger te de Hommerts; fâd oer in wees (11.05.1669)
    x
271. Hid Seerps + foar 1675

272. C/KROLIS/KROLES/CAROLUS, Anne Poppes + 03.05.1684
    keapet op 30.01.1668 in hûs yn Drylts; 01.05.1677 - ein april 1678 "collecteur fan de
    speciën"; lid fan de froedskip 17.12.1680; boargemaster fan 01.01.1682 oant syn dea.
    x 1641/2
273. Wytske Piers + nei 1663

274. Jelle Syb(b)olts + foar 1674
    x 11.01.1655 Drylts
275. Hilck/Hylck Sy(m)mens
    keapet yn 1674 17½ pm lân mei in mole by Drylts

280. Hette Bartles + foar 1668
    komt fan Drylts (30.03.1635); wennet te Jirnsum (1661)
    x 30.03.1635 Raarderhim
281. Lieuts Sioerdts + 1669
    komt fan Raard (30.03.1635)

282. Bartle Tjeerds
    boer op stim 16 te Twellegea (1640 en 1679); boer te Toppenhuzen (1681); ferkeapet
    mei syn "mede-consorten" 16 pûnsmiet lân te Goaiìngaryp (1697)
    x
283. Jets Ages

284. Joost Claeses + 1737
    ien fan syn soannen, Rein, is berne yn de jierren 1652/1653

448. Pieter Jans * 1635
    x 18.08.1663 Jorwert
449. Dieuwke Eelofs


IX
(512-1023)


512. Siucke Tjallings + foar 23.09.1605 Jutryp
    boer te Jutryp
    x
513. Grets Upckes + yn of foar 1623 Jutryp
    hat in saak foar it gerjocht (1607); yn 1623 wurdt der ynventarisearre yn it stjerhûs te
    Jutryp fan Grets, har neilittenskip wurdt rûsd op 1390 goudgûne 12 stoeren en 6 penjes
    (eksklusyf opstâl en lannerijen); bern: Tjalling (= 256) en Tryn (= 527)

514. CNOSSEN(S), Johan Upckes/Wpkes * 1575 Knossens (by Boalsert) - + foar 10.07.1638
                                    de Hommerts
    bijsitter, dyksdeputearre fan Wymbritseradiel, doarpsrjochter , ûntfanger en tsjerkfâld yn
    de Hommerts al yn 1610 doarpsrjochter en ûntfanger yn de Hommerts; eigener fan in
    pleats yn de Hommerts mei it rjocht fan 2 stimmen; "mede Gedeputeerde van
    Wymbritseradeels contributie" en "olt omtrent 41 Jaren" (1617)
    x
515. ALGERA, Jelcke Bees + tusken maaie 1642 en maart 1647

520. Wybe Wabes
    Wybe en Goyts hawwe in skuld fan 100 goudgûne, mei as ûnderpân harren hûs (1620);
    skûtmakker te Emden (Dútsklân) (1623); mei eigener fan de "Abbema-state", grut 52
    pm, stim 4 fan it     Stimkohier (1640); de "Abbema-State" wurdt ferkocht (1656);
    "servijsmeester" te Emden (Dútsklân) (1656)
    x
521. Goyts Sydses

522. Murck/Mirck Everts
    boargemaster fan Drylts (1621, 1626 en 1638); "mede Staat ter Admiraliteit" te Dokkum
    (1630); eigner fan stim 14 te de Hommerts (1640)

524. Albert
    x
525. Trintie
    lit har bernsbern Hylck (suster fan 387) dope yn de tsjerke fan Drylts (18.09.1647)

526. Bintse Heres + foar 1647
    wennet "Inde Rip" en wurdt mear as ien kear belage troch Reiner Reiners fan de
    Hommerts, 'totdien einde onder den dijck bij nachte met messen, forcken, roeren ende
    diergelijken" (1610); eigner fan Jutryp stim 15 (1640)
    x nei 1623
527. Tryn Siuckes
    wennet yn Drylts en lient oan oaren (1647)

528. CNOSSEN(S), Johan Upckes/Wpkes (sjoch 514)
529. ALGERA, Jelcke Bees (sjoch 515)

530. Hans Idses + foar 1621 Smellebrêge
    x
531. Jesel Haitses + foar 1651
    keapet 2 pm yn "Hittinga schaer" (1621)

536. Jan Aegges + foar 1637 de Hommerts
    wennet yn de Hommerts (1628); 2de houlik Joucke Hilbrandts, boer op stim 6 de
    Hommerts (1640)
    x
537. Tryn Jelmers
    wennet yn de Hommerts (1628)

540. Engele Sioerdts + nei 1644
    boer yn de Hommerts (1614); eigner en brûker fan stim 33 de Hommerts (1640)
    x
541. Syds Ennes + nei 1644
    wennet yn de Hommerts (1614)

542. Seerp Siercks + tusken 1646en 1648 de Hommerts
    tsjerkfâd te de Hommerts, dit stiet yn it râneskrift op de klok yn de toer dêr (1624); boer
    te de Hommerts op stim 33 dat mei in oar yn eigendom hat (1640); kurator oer
    minderjierrige wezen (1636 en 1646); ferkeapet in stik lân (1644)
    x 27.03.1614 Wâldsein
543. Ymck Idses

544. Poppe
    x
545. Iet (Ittie/Yttie Everts?)
    namme komt foar yn 1642, 1657 en 1659.

560. (?) Bartel Folkerts
    wennet te Toppenhuzen (1609)
    x
561. (?) Auck Hettes
    wennet te Toppenhuzen (1609)

562. Sioerdt Jans + krekt foar 30.01.1646 Raard
    boer op stim 36 te Raard (1640)
    x
563. Feik Dirks

564. (?) Tiaerd Pieckes
    komt fan Goaiìngaryp (29.11.1608); 2de houlik te Heech mei Jets Andries' fan Sondel
    (1616)
    x 29.11.1608 Heech
565. (?) Hincke Tzernes
    komt fan Heech (29.11.1608)

568. Claes Wybrens + foar 1661
    x
569. Antje Joostes
    is oanwêzich by in skieding op 'e Jouwer (1661)

896. Jan Pieters
    x 14.04.1628 Britsum
897. Bijtske Rienckx




X
(1024-2047)

1028. KNOSSENS, Wp(c)ke/Upcke Aenes/Annes * ±1539 - + foar 19.01.1597
    eigner fan 40 pm lân te Knossens
    x
1029. Mints/Mens Thomas' + 1607/8 Knossens (Boalsert)
    wurdt yn 1607 noch neamd as Mints Upcke Annes widdo te Knossens ûnder Boalsert;
    yn 1608 ferdiele har bern de lannerijen te Knossens

1040. Wabbe Wybes + tusken 1645 en 1648 Grou
    Ruyrdt Popkes, in âld soldaat, goait "den glasen ten huijse van Wabe Wybes" te Grou
    yn (1602); Wabe is "pachter van seep, sout" en fan bieren (1609); herbergier te Grou
    (1610); de hier fan lân ûnder Grou wurdt opsein en hy belooft dy frij te jaan (1645); syn
    bern wurde de erfgenamten fan "d' oude captain" neamd (1657)
    x
1041. Syoerdke Haytses
    yn 1645 is har man de hier fan lân ûnder Grou opsein en yn 1648 docht sy dat as widdo
    (1648)

1044. Evert Murcks + 12.02.1620 Drylts
    ynwenner fan Drylts en betellet belesting fan 1 karolusgûne, wylst syn sweager
    boargemaster Bonne Pieters 6 karolusgûne betellet (1578); soan Rein Everts wurdt
    "een rick mans son, oock selver rick" neamd (1625); riedslid (1584); boargemaster
    (1588, 1591, 1600 en 1616))
    x
1045. Richt Sioerds

1052. (?) Heere Abbes * 1544/5
    46 jr en tsjerkfâd te Jutryp (1591); keapet mei syn frou Gaets en  twa oaren lân te
    Wester-Yngea by Snits (1594)
    x
1053. (?) Gaets Bintses

1054. Siucke Tjallings (sjoch 512)
1055. Grets Upckes (sjoch 513)

1056. Wpke Aenes (sjoch 1028)
1057. Mints Thomas' (sjoch 1029)

1072. Aegge Eeuwes/Age Juuws
    komt fan de Hommerts, wurdt as boarger ynskreaun fan Snits (24.01.1597); lit in soan,
    Simon, dope (21.10.1610)

1080. Siurdt Aennes + 1635 de Hommerts
    boer te de Hommerts op in bedriuw fan 60 skar (1635)

1082 METSMA, Enne Wytses + foar 14.11.1610
    is soldaat yn de Aldeboarnster skâns en wennet te Aldegea (W) (1586); wennet te
    Ljouwert (1588);     keapet 1/3 fan de opstâl fan de Metsma-sathe te Aldeboarn
    (03.05.1598); boer te de Hommerts en hat lannerijen te Aldeboarn en Akkrum (1610)
    x
1083. Uilck Doedes + foar of yn 1628
    2de houlik mei Popcke Reiners te Aldeboarn

1084. Sierck Sytses + yn of foar 1615
    boer te Smellebrêge
    x
1085. Hid Leeuckes



XI
(2048-4095)

2056. Aene
    x
2057. Ath Johannis'

2058. Thomas Jelles + tusken 1545 en 1548 Nijlân
    hat 15 pm lân ûnder de pleats "Meijlahuijs" te Easterein (1545); is ien fan de warbere
    bewenners fan Nijlân mei "harnas, rincraeg, speidts, deghen" (1552);
    x
2059. Ga(e)ts Etes + nei 14.11.1571
    "wonende op 't Nijlandt bij Bolzwaert" (1558); ferkeapet mei har skoansoan Wpcke
    Aenes (sjoch 3076) yn 1564/5 te Iemswâlde en yn 1566 in grut part fan de pleats "Groot
    Bergh" te Kûbaard

2080. (?) Wybe Wabes    
    ferkeaper fan lân te Hilaard "op die Bergh" (1583)

2082. Haytse + foar 1611 Grou
    boer op en eigner fan Birstuma-sate (Burstum) ûnder Grou, de pleats wurdt foar 1611
    nei litten oan de     bern.
    x
2083. Bauck + foar 1611 Grou

2088. Murck Everts
    is tsjûge by it meitsjen fan in testamint (23.08.1542); te Drylts is sprake fan in Murck
    Everts terp (1543);
    x
2089. ....... Etes
    in suster fan Gats Etes (sjoch 2059)

2112. Aene (sjoch 2056)
2113. Ath Johannis' (sjoch 2057)

2114. Thomas Jelles (sjoch 2058)
2115. Ga(e)ts Etes (sjoch 2059)

2164. Wittie Sipckes + 1561/3
    mooglik boer op Metsma-state te Aldeboarn, fâd (1561)
    x
2165. Eets Renckes
    hat grutte skulden "deur duyre tyden, quade Jaeren ende sterfte van beesten", se
    ferkeapet dêrom de helte fan in sate fan sa'n 46 pm te Sniksweach (1565); protestearret
    tsjin de ferkeap by dekreet fan in hûs op 'e Nijstêd te Ljouwert (1578)

2168. Sydse Piers + 20.01.1619 Smellebrêge
    boer te Osingahuzen en Smellebrêge, lidmaat by it jûnmiel te Heech (5de jûnmiel nei
    20.01.1594), tsjerkfâd te Smellebrêge; boarch foar syn dochter Hylck (1615)
    x
2169. Marij Seerps + 03.06.1619 Smellebrêge



XII
(4096-8191)

4112. toe KNOSSENS, Johan Upckes + 27.10.1558
    stiet yn heech oansjen by de Boalserter boargerij en hat in oantal wichtige amten yn dy
    stêd; hat lân te Knossens en Kimswert (fan syn skoanâlden?). Wurdt yn 1552 neamd
    yn it register fan de "Monstercedullen" fan Boalsert en moat dêrom in folsleine
    wapenútrusting hawwe (in harnas mei alles wat derby heart); "provoost" fan de
    Boalserter skutters (1553); ien fan de folmachten fan de stêd Boalsert yn in skeel oer it
    ûnderhâld fan de seediken noardlik fan Makkum (1557). Grêfstien fan him en syn frou yn
    de Martinitsjerke te Boalsert
    x
4113. Egbertje Egberts + 26.08.1570

4118. Ete
    út namme fan harren frou en mei harren folmacht fan Ferck Etes binne Thomas Jelles
    (nr 2058) en Murck Everts (nr 2088) belutsen by in proses (1539)

4176. (?) Evert Haitses
    wennet te Drylts, eigner fan de Wierdstreng te Jutryp (1511)

4178. Ete (sjoch 4118)

4226. toe KNOSSENS, Johan Upckes (sjoch 4112)
4227. Egbertje Egberts (sjoch 4113)

4230. Ete (sjoch 4118)

4328. Sip(c)ke Ke(i)mpes
    te Terherne (1508, 1527, 1529 en 1543)
    x
4329. Ferdw/Ferdu
    te Terherne (1508, 1527, 1529 en 1543)
    bern: Kempa (+1561/1563, x foar 1541 Ath Ennadr.) en Wittie (sjoch 6260)



XIII
(8192-16383)

8224. toe KNOSSENS, Upka Johans
    lit de sate "Groot Knossens" bouwe (1543)

8226. BUWAMA, Egbert Syurds
    "ghaeman in Allingawier" en eigener fan stikken lân te Kimswert (1495)

8452. toe KNOSSENS, Upka Johans (sjoch 8224)

8454. BUWAMA, Egbert Syurds (sjoch 8226)

8656. Kempe Ennes/Ynnazn
    neamd te Terherne (1495/6)


XIV
(16384-32767)

16904. toe KNOSSENS, Johan Upkas
    ek wol neamd: Janka, Johan in Knossens, Jancke Knoesens, Johan Upka zin, Jan
    Upkis zin, Jan Upkis toe Knossens en Janke ter Draye. Wennet op "Litike Knossens";
    komt yn 1497 foar yn de Snitser Recesboeken hy moat syn sulverwurk ynleverje dat hy
    as ûnderpân jûn hat foar it lienen fan jild. Misskien is er it slachtoffer wurden fan de
    oarloch tusken de Skieringers en de Fetkeapers.


XV
(32768-65535)

33808. to KNOSSENS, Uupca Johannis
    wenne op Knossens, komt foar yn in oarkonde fan 5 juny 1456 dat yn it argyf fan de
    stêd Warkum sit
    x
33809. (SICKAMA?) Reijnske


boarnen:
° Genealogysk Jierboekje MCMLXIX side 69-95, Genealogysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy. 1969
Carolus - Crolis - Croles - Krolis - Kroles, M.J. van Lennep
° Cnossen - Knossen, Geschiedenis van een Friese Familie, Familievereniging C(K)nossen 1988
° Frysk Kertiersteateboek, Fryske Akademy 1996.
* Bons. Geschiedenis van boerderijen en bewoners. 2000
* Oanfolling Anthony Hofstee d.d. 30.03.2001